Sluting plysjeburo's soarget foar ûnfeiligens op plattelân

03 jan 2015 - 10:17
  • Plysje

Boargemaster Veenstra fan Frjentsjerteradiel is tsjin de sluting fan plysjeburo's op it plattelân. Hy sei dat freed yn syn nijjierstaspraak. Minister Opstelten en de korpslieding wolle 200 buro's yn Nederlân slute, omdat se troch de digitalisearring net mear nedich binne. Veenstra bestriidt dat.

Neffens him is de digitale plysjeman in yllúzje, salang't it potlead en it bonneboekje bestiet. Fierder wurdt it troch it ferdwinen fan buro's ûnfeilich op it plattelân.

It buro fan Frjentsjerteradiel moast ek ferdwine, mar dat hat de boargemaster foarkomme kinnen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)