'Sluting net mear te kearen'

20 sep 2012 - 12:38

Sluting fan de bertesoarch yn sikehûs De Sionsberg yn Dokkum is net te kearen. Dat sizze soarchgroep Pasana dêr't De Sionsberg ûnder falt en Nij Smellinghe. Se reagearje dêrmei op in ûndersyksrapport fan de gemeente Dongeradiel nei de problemen by it sikehûs. De fúzjepartners jouwe wol ta dat harren kommunikaasje better moat.

De gemeente hat in feite-ûndersyk nei de kwestje dwaan litten. Konklúzje wie dat de ôfdieling ferloskunde takom jier slute moat om it jild en net om de minne kwaliteit. De sikehuzen sprekke dat tsjin.

Neffens sikehuzen De Sionsberg en Nij Smellinghe kinne kwaliteit en jild net los fan elkoar sjoen wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)