Sluting klasse oarstalige bern

10 jun 2003 - 00:00

De klasse foar oarstalige bern yn it basisûnderwiis yn Ljouwert wurdt oan 'e ein fan dit skoaljier sletten. Der binne hast gjin bern mear yn Ljouwert dy't it Nederlânsk net behearskje. Dat komt omdat der hieltyd minder asylsikers nei Nederlân komme.

Ferline jier sieten der noch 70 bern yn de klasse. Dat binne der no noch trije. Foar dizze bern kin in plakje fûn wurde op de reguliere basisskoallen. Ek foar de measte leararen is al oar plak fûn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)