Sluting gemeentehûs ferwachte

28 jan 2010 - 19:59
  • Gemeentehûs tenei allinne wurkplak amtners

Doarpsbelang Wytmarsum seach de sluting fan it gemeentehûs yn it doarp wol oankommen. Yn in earste reaksje seit doarpsbelang dat it wol spitich is foar de ynwenners, mar dat it gjin ramp is. Ynwenners hoege net faak op it gemeentehûs te wêzen. Foar guon saken moatte se no ek al reizgje.

Ek stedsbelang Drylts is net ferrast oer de sluting fan it gemeentehûs yn de stêd. Wol wurdt goed de finger oan de pols hâlden oer hoe't it fierder giet mei de sosjale foarsjenningen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)