Sluting foar fjoerwurkbedriuwen?

27 maaie 2003 - 00:00

Fiif Fryske fjoerwurkbedriuwen moatte mooglik ticht. Sy steane te deun op de beboude kom en dat mei fan takom jier maart ôf net mear. De provinsje ûnderhannelt mei de bedriuwen oer in útkeapregeling of ferhuzing.

Neffens nije regels moatte bedriuwen mei mear as 10.000 kilo fjoerwurk yn de opslach fierder as 800 meter fan de beboude kom ôf wêze. Dêr foldogge de bedriuwen yn Ljouwert, Haulerwyk, De Lemmer en Langsweagen net oan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)