Sluting fan La Place soarget foar mear iters by de Hema

28 feb 2016 - 14:00
  • La Place is ticht, de klanten ite no by de Hema of Bakker Bart

Troch de sluting fan La Place hawwe guon broadsjesaken yn Ljouwert mear klanten. Under oare de Bakker Bart en de Hema hawwe ferline wike mear omset draaid. Se tinke dat dat troch it ferdwinen fan La Place komt, mar doare dy konklúzje noch net foar hûnder persint oan.

De wat djoerdere broadsjesaken fernimme net dat de sluting fan La Place mear klanten opsmyt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)