Sluting driget foar púnbedriuw

16 aug 2000 - 12:24

Púnferwurkingsbedriuw WBR Wegenbouw Recycling út Frjentsjer wurdt bedrige mei sluting. Neffens de provinsje foldocht WBR net oan de noarmen foar lûds- en stofoerlêst. As it fabryk dêr net wat oan docht, wurdt de fergunning ynlutsen.

WBR ferwurket pún foar gebrûk ûnder diken en huzen. Al sûnt de start yn 1996 kleie omwenjenden oer it bedriuw. WBR wurket no noch mei in gedoochfergunning.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)