'Sluting buro tsjin ôfspraak'

25 feb 2009 - 08:43

De gemeente Kollumerlân fynt it ûnakseptabel dat it plysjeburo yn Bûtenpost ticht giet. Plysjesjef Berndsen meldt dy sluting yn it blêd fan de plysje. Neffens Kollumerlân wurdt de ferplichte oanrydtiid no soms al net helle en sil dat troch de sluting fan it buro yn Bûtenpost folle faker it gefal wêze.

Kollumerlân wiist ek op de ôfspraak dy't earder makke is by de sluting fan de plysjepost yn Kollum. Doe is ôfpraat dat Bûtenpost iepen bliuwt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)