Sluting Booster domper merke

07 aug 2007 - 10:57

Net allinnich de eigners fan de Booster op de Snitser merke hawwe harren nocht fan de sluting fan dizze publykslûker.

Ek de oare ûndernimers ûnderfine hjir de gefolgen fan. Moandei sette de Voedsel en Waren Autoriteit it apparaat op slot, omdat mei in selde soart attraksje deaden fallen binne yn Frankryk. Ien fan de ûndernimmers skat yn dat it wol twatûzen minsken deis skeelt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)