'Sluting bedriuw op tiid melde'

03 jan 2004 - 00:00

Neffens Max van den Berg fan de PvdA moat der in Europeeske wet komme dy't bedriuwen ferplichtet rûm yn it foar te melden dat der banen ferlern gean. Dat sei er sneon op it nijjierssûpke fan de PvdA Fryslân yn de Harmonie yn Ljouwert.

As bedriuwen sluting op tiid melde, dan kin der noch yn alle rêst neitocht wurde oer oar wurk foar it personiel, sa sei Van den Berg. Van den Berg is listlûker fan de PvdA by de ferkiezings foar it Europeesk parlemint dit jier.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)