Slúting Amels treft ferienings

04 feb 2005 - 16:28

De sluting fan jachtwerf Amels yn Makkum is net allinnich in swiere slach foar de meiwurkers, mar ek foar it ferieningslibben yn it doarp. Dat seit foarsitter Libbe Terpstra fan Pleatslik Belang Makkum.

Efter de skermen stipe Amels it ferieningslibben yn it doarp. Dat is aansten oer. Fierder wiene der in soad bedriuwen yn de omkriten fan Makkum dy't profitearren fan de oanwêzichheid fan Amels. Ek dat sil no minder wêze.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)