'Sluten Ecomare gjin probleem'

24 jan 2012 - 11:36

Mocht de seehûneopfang fan Ecomare op Texel slute dan smyt dat gjin problemen op, seit Lenie 't Hart fan de folle gruttere seehûneopfang yn Pieterburen. Ecomare meldt dat se yn finansjele problemen komme trochdat se safolle seehûnen opfange, 40 yn totaal. Yn Pieterburen sitte no mear as 380.

Neffens Lenie 't Hart wie en is der noch genôch romte om de opfang fan Ecomare oer te nimmen. Tiisdei set de seehûnekresj wer tsien seehûnen werom op Flylân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)