Slûs Eazumasyl wer yn gebrûk

21 sep 2001 - 00:00

It 80 jier âlde slûzekompleks fan Eazumasyl is wer yn gebrûk. Dat is freed offisjeel dien troch deputearre Mulder. De gemeente Dongeradiel is wiis mei dit jonge yndustriële monumint.

Dokkum lei eartiids oan see en dêrom soene der yn de syl fan Dokkum eins wer slûsdoarren komme moatte. Dat sei wethâlder Lalkens. De monuminten moatte ûnderdiel wurde fan in toeristyske rûte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)