Slûs De Lemmer wer as nij

20 sep 2012 - 11:26
  • De nije slûsdoarren De Lemmer
  • De nije slûs wurdt teplak set

De fernijing fan 'e Rienslûs op De Lemmer is krekt foar it stoarmseizoen klear. Mei in grutte kraan binne tongersdei twa nije izeren slûsdoarren teplak tild. De âlde doarren wiene ferrotte en der wiene noch mear dingen mis mei de slûs flakby it sintrum.

De slûs is ûnderdiel fan de wetterkearing fan de Iselmar. Dy moat in ekstreme stoarm oankinne dy't mar ien kear yn de 4000 jier foarkomt. De opknapbeurt hat 3 miljoen euro koste. Op mear plakken wurde wetterkearings en diken by de tiid brocht, lykas op It Amelân en op Skylge.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)