Slûs Bakkefean wurdt opknapt

25 aug 2014 - 10:45
  • De slûs fan Bakkefean krijt in opknapbeurt
  • It mitsel- en foechwurk wurdt opknapt.

De slûs yn in sintrum fan Bakkefean wurdt op dit stuit opknapt. It giet dan foaral om it mitsel- en foechwurk yn de wanden fan de slûs. It wurk wurdt útfierd troch renovaasjebedriuw Tjalsma út Arum. In grut part fan de slûs is tydlik leechpompt foar de klus.

Ferline wike koe der in oantal dagen net wurke wurde yn ferbân mei it wiete waar. Omdat de slûs midden yn it sintrum fan Bakkefean leit, binne der oerdei in soad taskôgers.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)