Slûpferkear pleaget Aldlân

19 sep 2014 - 16:43

De D66-fraksje fan Ljouwert stelt skriftlike fragen oan it kolleezje fan b. en w. oer de ferkearsoerlêst yn de wyk Aldlân. Bewenners kleie oer slûpferkear dat benammen yn de spits mei hege snelheid troch de wyk rydt. Dat ferkear besiket sa om de files op it Drachtsterplein te ûntwiken. Ek stedsbussen soene neffens wykbewenners te hurd troch de wyk ride.

D66 wol fan it kollezje witte hokker maatregels de gemeente nimt om it ferkear te twingen him oan de maksimumsnelheid fan 30 kilometer te hâlden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)