Sluiter wol petear mei bouwers

27 jan 2010 - 21:00
  • Sluiter wol om tafel

Wethalder Sluiter fan Ljouwert wol op koarte termyn om de tafel mei de wenningboukorporaasjes om te hearren hoe't sy der finansjeel foar steane.

Guon korporaasjes hawwe al oanjûn dat se nijbouprojekten skrasse, omdat se dy nei de finansjele krisis net mear betelje kinne. WoonFriesland bygelyks hat de bou fan 240 studintewenten by de kenniskampus skrast. Ljouwert hie wol dúdlike ôfspraken makke oer de bou en wol noch besjen oft WoonFriesland dy wol samar opsizze kin.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)