Slowaak op proef by Cambuur

14 jul 2014 - 13:13

De Slowaak Albert Rusnák komt op proef by Cambuur. Rusnák stiet ûnder kontrakt by Manchester City, mar spile noch noait in wedstriid foar dy ploech. De 20-jierrige Slowaakske jeugdynternasjonal kaam op syn 17e nei Manchester City. Hy waard dêrnei twa kear ferhierd. De earste kear oan Olham Athletic (tredde nivo) en dit jier noch oan Birmingham City (twadde nivo).

Rusnák sil fan 'e wike meitraine by Cambuur, dat noch op syk is nei in oanfallende fersterking.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)