Slotakt Oerol skrapt om stoarm

23 jun 2008 - 06:52

Rûnom yn de provinsje hat de hurde wyn snein foar problemen soarge. Sa gie de ôfsluting fan Oerol 2008 sneintejûn net troch fanwege de hurde wyn. It fjoerwurk en de optredens fan ûnder oare Nynke_Laverman wiene net mooglik mei wynkrêft 7.

By de prolooch fan de Solar_Challenge waaiden sneintemiddei nei ôfrin twa boaten om. Dat betsjut alwer pech foar it team fan de NHL. By de foarige edysje ûntplofte harren boat yn de wedstriid.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)