Sloopregeling foar pleatsen

13 apr 2005 - 17:07

Der komt in provinsjale regeling om de sloop fan âlde, fertutearze pleatsen te stimulearjen. Neffens de provinsje is der ferlet fan sa'n regeling, omdat de kommende jierren tusken de 1.000 en 1.500 boeren ophâlde mei buorkjen.

Boeren krije fan de provinsje de sloopkosten fan de pleats fergoede, at der húzen foar werom komme. Monumintale pleatsen moatte sa folle mooglik stean bliuwe, om sa it oarspronklike karakter fan it plattelân te behâlden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)