Sloopplan foar tsjerke

15 mrt 2013 - 15:10
  • De karakteristike Zilverstraattsjerke wurdt mooglik sloopt

De Zilverstraattsjerke yn Frjentsjer giet mooglik tsjin de flakte. De tsjerkegongers meie hjir oer meiprate, de tsjerkeried nimt it beslút. It tsjerkegebou út 1892 is oerstallich nei de fúzje fan 'e grifformearde en herfoarme gemeente yn 'e stêd. In keaper is net te finen. Dêrom leit der no it plan foar sloop.

De karakteriske Zilverstraattsjerke hat plak foar sa'n tûzen tsjerkegongers. By de fúzje mei de herfoarme gemeente yn 2010 waard besletten om de tsjerke ôf te stjitten. De tsjinsten binne no yn de histoaryske Martinitsjerke.

It plan dat der no leit hâldt yn dat de tsjerke sloopt wurdt en dat de seal yn it neistlizzende kompleks De Rank útwreide wurdt. Op 3 april is der in spesjale byienkomst om oer de plannen te praten. It lêste wurd is dan oan de tsjerkeried.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)