Sloopgala De Lawei op 6 maaie

05 apr 2014 - 15:47
  • Lawei-makette

Teater de Lawei yn Drachten nimt op 6 maaie ôfskie fan de âlde Lawei mei in sloopgala. Minsken kinne foar in bedrach meidwaan oan in sjyk diner en oanslutend de sloophammer fêsthâlde. Se sponsorje dêrmei de renovaasje fan it teater. De stuollen binne nei tritich jier oan ferfanging ta, en der moat ek in nije flier komme. It is ek mooglik om in stoel te adoptearjen.

De Lawei is mei in ferbouwing dwaande. Der komt in flakkeflierseal en in nij ynterieur. It measte is betelle, mar foar it opknappen fan de sealen is noch wat jild nedich.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)