Sloop stasjon De Westerein

13 maaie 2003 - 00:00

Op 'e Westerein is tiisdei begûn mei de sloop fan it hast fyftich jier âlde stasjonsgebou. It âlde wachthok foar Westereinders dy't mei de saneamde klompetrein giene, is al in skoft in boufal. It stiet tsien jier leech. Jongerein soarget foar in soad oerlêst.

Doarpsbelang hat dêrom ferline jier in soad muoite dien om de eigner, de Nederlandse Spoarwegen, te oertsjûgjen fan 'e needsaak it gebou te slopen. Der komt no in nije oerkaping.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)