Sloop Professoarebuert giet oer

30 jun 2004 - 14:59

De sloop fan mear as 100 wenten yn de Professoarebuert yn Frjentsjer is earst fan de baan. De gemeente en de wenningboustifting ha dit besletten. De plannen foar de werstrukturearring waarden ein 2003 presintearre.

Doel wie dat der 90 hierwenningen, 20 keapwenningen, in garaazje en in tsjerke sloopt wurde soene. It die lykwols bliken dat dêr gjin draachflak foar is. Yn septimber wurde nije plannen foar de wyk makke.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)