Sloop masinefabryk Van der Kooi?

04 jun 2003 - 00:00

It markante gebou fan masinefabryk Van der Kooi op de hoeke fan de Cambuurstrjitte en it Oranjewaltje yn Ljouwert driget sloopt te wurden. De stifting Gerben van der Kooi praat noch wol mei de gemeente oer de ferkeap fan it gebou, mar de kâns is lyts dat it fertutearze gebou opknapt wurde sil.

Omdat de sûnens fan eigner Gerben van der Kooi achterút giet, wol de stifting wol fan it fabryk ôf. Mooglik wurdt de grûn brûkt foar werynrjochting.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)