Sloop kafees H'fean útsteld

06 aug 2009 - 15:10
  • De sloop is útsteld fanwegen it moaie waar
  • De blombakken fleurje de boel wat op

De sloop fan kafees It Houtsje en Bleeker op It Hearrenfean is útsteld fanwege it waarme waar. De kafees oan de Oude Koemarkt baarnden trije wike lyn ôf. Tongersdei soe begûn wurde mei de sloop, mar dêr komt in soad stof by frij. Minsken op de terrassen soene dêr lêst fan ha kinne.

De gemeente hat de omlizzende kroegen tastimming jûn om de stuollen en tafeltsjes op de terrassen rommer del te setten. Om de boel op te fleurjen hat de gemeente blombakken delset.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)