Sloop fontein by NS-stasjon

20 apr 2009 - 10:26

De fontein achter it treinstasjon yn Ljouwert wurdt sloopt. It keunstwurk fan Henk Hofstra is yn sa'n minne steat dat yn oerlis mei him besletten is it wurk fuort te heljen.

De fontein is yn 1985 troch it wetterliedingbedriuw skonken oan de gemeente. Doe stie it keunstwurk oan de foarkant fan it stasjon. Doe't it wurk ferhuze nei de achterkant fan it stasjon, leefden in soad fandalen harren op de fontein út.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)