Sloop foar Fryske Akademy

10 jun 2014 - 19:49
  • De Fryske Akademy yn Ljouwert

De Fryske Akademy yn Ljouwert wurdt takom wike sloopt. De trije gebouwen oan de Grienewei moatte plak meitsje foar nijbou. It giet om de eardere boekwinkel fan de Akademy, de eardere tsjinstwenning en it âlde koetshús. Nei de sloop wurdt ek de grûn saneard. Dêr is leadfersmoarging fûn.

Dizze wurksumheden binne ein july klear. Nei de simmer wurdt begûn mei de nijbou. Dy moat nei ferwachting yn 2016 oplevere wurde. Arsjitekt Jo Jansen hat it nije ûntwerp foar de Fryske Akademy makke.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)