Sloop fan Servotel giet oer

29 maaie 2013 - 14:37

De plannen foar de sloop fan it Servotel yn Drachten en de bou fan 40 nije soarchapparteminten op dit plak giet net troch. Wenningboukorporaasje WoonFriesland en soarchoanbieder ZuidOostzorg kinne de finansiering fan de plannen net rûn krije. It Servotel is in serviceflat mei 156 apparteminten. It kompleks foldocht net mear oan de hjoeddeiske easken. Sa sit der gjin keuken yn de apparteminten en binne de badkeamers te lyts. De nijbouplannen binne begjin ferline jier presintearre oan de bewenners. In grut tal bewenners is ek al ferhuze.

Doel is dat yn novimber de lêste hierders it gebou ferlitte sille. It is net dúdlik wat der no mei it flatgebou dien wurdt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)