Sloop fan de brêge by Deinum is begongen

28 des 2015 - 13:03
  • Projektlieder Klaas de Boer fan de provinsje by de brêge yn Deinum

By Deinum is moandeitemoarn de brêge út de Westergoawei helle. Dy is oerstallich wurden troch de oanlis fan de Heak om Ljouwert. Mei in grutte kraan is it beweechbere diel fuorttakele. Mei it ûngelok mei it takeljen fan in brêgediel yn Alpen aan den Rijn yn de achterholle, is der noch wol kritysk sjoen nei it wurk.

Der kaam moandei in soad publyk nei de brêge by Deinum, neffens de provinsje Fryslân sa'n 300 minsken.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)