Sloop driget foar Vreewijk

23 sep 2004 - 13:45

Sealesintrum Vreewijk yn Drachten kin mooglik sloopt wurde om't it net de monumintestatus hat. It is lykwols in karakteristyk gebou dat foar in soad Drachtsters emosjonele wearde hat.

It kolleezje fan Smellingerlân hat no in byldkwaliteitsplan foar It Noard opsteld om de histoaryske bebouwing yn dat gebiet feilich te stellen. Vreewijk past ek yn dat plan, neffens wethâlder Veenstra. De beammen by Vreewijk wurde yn alle gefallen net kapt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)