Sloop driget foar Prins Willim

07 apr 2014 - 13:21
  • De Prins Willim yn 2013
  • De Prins Willim gie yn 2009 yn flammen op

De kâns is grut dat de replika fan it âlde VOC-skip Prins Willim dochs noch sloopt wurdt. Neffens eigener Jelle Talsma binne der op dit stuit net genôch partijen om it skip te renovearjen. It skip baarnde yn 2009 folslein ôf, nei alle gedachten troch koartsluting.

Talsma kocht mei syn skipswerfbedriuw út Frjentsjer it kasko, om de Prins Willim wer op te bouwen. Mar dat giet, sa't it no liket, net troch. Der binne noch wol ûnderhannelings geande mei ferskate partijen, mar der is net folle hoop dat it noch slagget.

Ferline wike is it skip op lêst fan de gemeente út de haven fan Harns sleept. De Prins Willim leit no by in skipssloperij yn Kampen, wachtsjend op it definitive fonnis. De kosten fan de renovaasje wurde rûsd op 10 miljoen euro.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)