Sloop driget foar gemeentehûs

26 mrt 2014 - 12:25
  • Gemeentehûs De Lemmer

As der mids juny gjin goed plan is foar it gemeentehûs fan De Lemmer, sil it kolleezje fan B&W de ried fan de gemeente De Fryske Marren foarstelle it gebou te slopen. It gebou stiet leech nei de fúzje fan de gemeente Lemsterlân mei Gaasterlân-Sleat en Skarsterlân. Alle amtners sitte no by elkoar op De Jouwer. Der lizze wol plannen foar in kommersjele ynfolling fan it gebou yn it sintrum fan De Lemmer, mar dêrfan moat noch ûndersocht wurde oft dy wol helber binne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)