Sloop doktershûs net te kearen

25 jan 2011 - 20:53
  • Byldbepalend, mar net monumintaal

De aksjefierders tsjin de sloop fan it byldbepalde doktershûs fan Surhústerfean kinne it gebou net rêde en sille no stride foar in gemeentlik monumintebelied. Tiisdei wurdt úteinset mei de sloop.

Petearen tusken eigner, aksjefierders en gemeente oer it behâld fan it gebou ha neat opsmiten. It doktershûs oan de Kolk makket plak foar in winkel en twa wenten. De gemeente kin in sloopfergunning net wegerje omdat it gjin offisjeel monumint is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)