Sloop Bestjoerssintrum Grienewei

13 jul 2004 - 17:38

It bestjoerssintrum oan de Grienewei yn Ljouwert wurdt fan 't simmer sloopt. Op it plak dêr't no noch boargemaster en wethâlders fan Ljouwert sitte, komt nijbou fan it Histoarysk Sintrum Ljouwert. Earst soe it bestjoerssintrum ferkocht wurde. Dêr koe de gemeente jild mei fertsjinje. Mar no kostet it allinnich mar sinten.

Mei de sloop giet ek in stikje skiednis fan Omrop Fryslân ferlern. Jierrenlang hie Radio Fryslân hjir syn thúsbasis.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)