Sloman Traveller yn Bremerhaven

01 jan 2002 - 00:00

It Dútse frachtskip Sloman Traveller, dat op 'e Noardsee by Flylân yn 'e brân stie, is op nijjiersdei oankommen yn Bremerhaven. It skip sil dêr repareard wurde. It skip fleach ferline wike freed yn 'e brân nei inkelde eksploazjes.

Pas op âldjiersdei wiene helpferlieners it fjoer definityf de baas en koe it skip op sleeptou nommen wurde nei Dútslân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)