Sloepen Barentsz de see op

06 aug 2013 - 15:44
  • Sloep fan Willem Barentsz, ûnderweis nei Skylge

Twa neiboude sloepen fan Willem Barentsz binne tiisdei út de haven fan Harns de see op gien op wei nei Skylge. De sloepen binne replika's fan de boatsjes dy't Barentsz en syn manlju destiids brûkten om fan Nova Zembla nei it Russyske fêstelân te farren. Yn elke boat sitte 4 oant 5 minsken. Ferwachting is dat se der fiif oant seis oeren oer dogge om Skylge te berikken.

De skippers farre troch it Schuitegat. As it wetter te leech is, komme se op in sânbank te lizzen en moatte se dêr oernachtsje.

De opfarrenden hawwe net de klean oan út de tiid fan Willem Barentsz. Yn Harns wurdt op dit stuit boud oan in replika fan de grutte Willem Barentsz.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)