Sloep sonken nei oanfarring

09 maaie 2013 - 14:08
  • Sloep oanfearn en dêrnei sonken yn PM-Kanaal
  • Grutte plysje-ynset by rêdingsaksje op kanaal

By in oanfarring tusken in sloep en in binnenfeartskip yn de buert fan de brêge fan Spannenburch binne tongersdei trije minsken ferwûne rekke. Mei-inoar fjirtjin opfarrenden fan ien Dútske famylje waarden rêden. Ien fan harren is slim ferwûne rekke en mei de traumahelikopter oerbrocht nei it sikehûs yn Grins. Twa bern binne foar kontrôle oerbrocht nei it sikehûs.

De oarsaak is nei alle gedachten motorpech fan de sloep. Dêrtroch kaam de boat dwers op it wetter te lizzen. De sloep is sonken.

It skipfeartferkear op it Prinses Margrietkanaal hat oant goed fjouwer oere stremd west, omdat noch ûndersyk dien wurde moast. Dûkers hawwe de situaasje ûnder wetter ûndersocht. De Dútske famylje siet ferdield oer twa sloepen. Ien dêrfan kaam yn oanfarring mei it binnenfeartskip..

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)