Slipt troch oalje op de dyk

18 nov 2011 - 20:35

Op de provinsjale dyk by Raerd rekke freedtemoarn in auto yn de slip omdat er diseloalje op de dyk lei.

De 50-jierrige bestjoerder út Garyp koe syn auto hjirtroch net mear ûnder kontrôle krije en botste tjin in auto oan dy't út de oare rjochting kaam. Dy auto waard bestjoerd troch in Snitser fan 46. De Garypster is mei nekklachten nei it sikehûs fan Snits brocht.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)