Slingerland wint loop Skylge

12 okt 2003 - 00:00

De Hjerstloop op Skylge is wûn troch Jacques Slingerland út Hellevoetsluis. Hy rûn de tocht fan 15,3 km yn 1.06,45. Ferrassend wie dat Riet van Leeuwen, ek út Hellevoetsluis, as 2e binnenkaam. Se rûn 1.07,32 en ferbettere it parkoersrekord mei 22 sekonden.

By de manlju einigen de Skylgers Laurens Conijn en Pieter de Haan as dield twads yn 1.08,21. By de 10 km wûnen Neeke Smit (Skylge) en Erik Dijksman (Amerongen).

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)