Slingerjende kombinaasje op A7

01 mrt 2012 - 14:07

    De plysje hat woansdeitemiddei op de A7 by Leek in 22-jierrige man út Kollumersweach fan de dyk helle. Hy hie in auto mei maleur fan de flechtstrook helle en op in oanhinger setten. Doe't er fuortried, begong de kombinaasje bot te slingerjen. In foarbykommende bus waard krekt net rekke, mar de man knalde wol tsjin de fangrail.

    De plysje seach it gebeuren en sette de auto mei oanhinger oan de kant. In berger hat de kombinaasje fuortbrocht. De oanhinger wie fierstente swier beladen. De man út Kollumersweach hat proses-ferbaal krigen.

    Diel dit berjocht op:
    (advertinsje)
    (advertinsje)