Slingerjend ride fan 'e drank

08 jul 2008 - 11:33

In man (30) út Koatstertille is moandei it rydbewiis kwytrekke, omdat er mei te folle drank op achter it stjoer siet. De plysje seach de man yn Eastermar. Hy foel op omdat er bot slingere mei de auto en ynhelle sûnder rjochting oan te jaan. Boppedat hong er heal ta it rút út.

De plysje hat de man meinaam nei it buro om te blazen. Dêr kaam in rydferbod fan sân oeren út. Hy moast syn rydbewiis achterlitte. De man krige ek noch in prosesferbaal.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)