Slingerjend oer de A7

04 nov 2007 - 15:51

In 21-jierrige man út Kollum hat sneintemoarn sa gefaarlik ûnderweis west op 'e A7 by Terwispel dat hy troch de plysje fan 'e dyk helle is.

Der kamen meldingen binnen dat de man slingerjend oer de sneldyk ried en hast in oanriding feroarsake mei in frachtwein. De 21-jierrige man wie begjinnend bestjoerders. Syn rydbewiis en syn auto binne yn beslach nommen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)