Slingerjend oer de A7

08 okt 2013 - 11:01

De plysje hat moandeitemoarn in 50-jierrige man út Koatstertille oanhâlden omdat er fierstente hurd en boppedat gefaarlik ried. Op de A7 by Beerta yn Grinslân gie de autobestjoerder mei 150 kilometer yn de oere al slingerjend oer de sneldyk.

By kontrôle die bliken dat de man ûnder it riden mei de tillefoan yn de hân oan it beljen wie. Boppedat kaam nei foaren dat syn rydbewiis al earder ynnaam wie foar gefaarlik rydgedrach. Dêrom is ek proses-ferbaal tsjin de man opmakke.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)