Slingeraap De Pein giet oer

08 sep 2010 - 11:31

It jierlikse slingeraap yn De Pein giet sneon net troch. It wetter dêr't oerhinne slingere wurde moat, is fersmoarge. De organisaasje makket him boppedat soargen oer de lege temperatuer fan it wetter.

It evenemint lûkt altyd in soad dielnimmers en publyk. Dielnimmers moatte mei in tou dy't oan in kraan hinget oer it Peinder kanaal hinne slingerje en besykje droech oan de oare kant te kommen. De fierste springer wint.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)