Slimme stoarm/ feartsjinsten

21 des 2003 - 00:00

It KNMI warskôge snein foar swiere wynstjitten. De wyn hat snelheden berikt fan 110 kilometer yn 'e oere. De stoarm wie it slimst oan it begjin fan de middei oan de noardkust fan de Waadeilannen. Yn de provinsje wie der neist omwaaide beammen net in hiel soad skea.

De lêste ôffearten fan en nei Skylge en Flylân ferfoelen. Rederij Wagenborg hat de boaten nei It Amelân en Skiermûntseach wol yn de feart hâlden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)