Slim ûngelok yn Damwâld

07 jun 2013 - 17:14
  • Slim ûngelok yn Damwâld

Yn Damwâld is freed in 57-jierrige scooterrider út Broeksterwâld slim ferwûne rekke nei in oanriding mei in fytser. Is ûngelok barde op it fytspaad by de Haadwei lâns. Twa ambulânses binne ynskeakele en der is noch in dokter kaam mei de traumahelikopter. Uteinlik is it slachtoffer mei de ambulânse nei it sikehûs yn Grins brocht.

De tadracht fan it ûngelok is noch net bekend. Foar safier bekend is de fytser net ferwûne rekke.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)