Slim ûngelok Wâldwei by Nyegea

12 okt 2012 - 00:11
  • Twa slim ferwûnen by ûngelok Wâldwei

By in ûngelok tongersdeitejûn op de Wâldwei tusken Garyp en Nyegea binne twa ynwenners fan Drachten fan 33 en 42 jier slim ferwûne rekke. De auto dêr't se yn sieten rekke troch ûnbekende oarsaak de fangrail en waard dêrtroch lansearre. De auto kaam op it dak terjochte en fleach oer de fangrail.

Beide slachtoffers binne mei ferwûnings oan de holle nei it sikehûs yn Grins brocht. De dyk hat in skoft yn beide rjochtingen ôfsletten west. De plysje siket noch út hoe't it ûngelok barre koe.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)