Slim ûngelok by skûtsjesilen

02 aug 2012 - 18:54
  • Traumahelikopter

Yn Langwar is tongersdei in lyts berntsje fan in boat ôf yn it wetter fallen. It jonkje fan goed in jier âld lei yn in bernestuoltsje op it dek fan in folchskip fan Boalsert. Troch de golfslach fan in oar skip begûn it folchskip te skommeljen en foel it jonkje yn it wetter.

It jonkje is út it wetter helle en reanimearre. In traumahelikopter hat him dêrnei nei it UMCG yn Grins flein. Syn tastân is stabyl. Yn de skûtsjefloat is mei grutte skrik reagearre op it ûngelok. De bemanning fan it skûtsje wie net by de priisútrikking.

It skûtsje fan Boalsert waard tongersdei tredde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)