Slim ûngelok op Wâldwei

31 jul 2003 - 00:00

Op de Wâldwei tusken de Garypsterhoeke en it Himriksein by Ljouwert is tongersdeitemiddei in ûngelok bard. By it ûngefal wiene fjouwer auto's belutsen. Ien automobilist rekke by it ûngelok slim ferwûne. De frou is mei de traumahelikopter nei it MCL brocht en is dêr letter op 'e dei ferstoarn.

It part fan de Wâldwei dêr't it ûngelok bard is, hat tongersdei oerenlang ôfsletten west foar it oare ferkear.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)